Frysk Bataljon en militêr defilee yn Ljouwert

17 maaie 2017 - 16:31

Foar it fjirde jier op rige rûn woansdeitemiddei it Fryske Bataljon troch Ljouwert. Op it Wilhelminaplein is troch de militêren in defilee hâlden. Dat defilee is foar it earst ôfnaam troch kommisaris fan de Kening Arno Brok, dy't bystien waard troch boargemaster Crone en ambassadeur Semaska fan Litouwen. Dy lêste wie der om't it bataljon yn syn lân oanwêzich is foar in NAVO-missy. Under de seremoanje joech kommandant Stam it befel oer it Frysk Bataljon oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)