Fryslân hat 94 hûndertplussers; froulju yn mearderheid

17 maaie 2017 - 16:08

Fryslân telde op 1 jannewaris fan dit jier hast 100 hûndertplussers. Mei elkoar wiene der begjin dit jier 94 minsken yn ús provinsje 100 jier of âlder. In mearderheid fan de âlderein is frou: 76 yn totaal, de oare 18 binne manlju. Dit liket net al te folle manlju, mar lanlik sjoen dogge de manlju it hjir relatyf goed. Yn Fryslân is 19 prosint fan de hûndertplussers man, en lanlik is dit 14 prosint. Undersyk fan it Fries Sociaal Planbureau hat dit útwiisd.

De measte 'iuwlingen' wenje yn de gemeente Súdwest-Fryslân (15), folge troch de gemeente Ljouwert (14), Hearrenfean (13) en De Fryske Marren (12). Der binne trije gemeenten sûnder in hûndertplusser, dat binne It Amelân, Flylân en de gemeente Menameradiel.

Trefwurden: 
hûndertplusser
(Advertinsje)
(Advertinsje)