FIDEO: Hoe is it mei keatser Taeke Triemstra?

Haadklassekeatser Sjoerd de Jong woe graach it ferhaal fan Taeke Triemstra út Sint-Jabik fertelle. "Taeke wie earder altyd in held fan my, mei Chris Wassenaar. Sûnt ik sels ek by de senioaren keats, ken ik him fansels wol wat better. Wy binne beide haadklassekeatser. Mar hy is ek in keatser dy't, oars as ik noch in gesinslibben derneist hat en doe krige hy ôfrûne winter ek noch te hearren dat er siik is. Dat fûn ik allegear hiel nijsgjirrich. Want dit seizoen is eins de fraach, kin hy wol troch mei syn sykte?"
Taeke Triemstra hat de sykte fan Bechterew, in ûntstekking fan de rêchbonke. It keatsseizoen is no trije partijen ûnderweis. It falt Taeke noch wol ôf. Hy hopet dat it better wurdt, en dat de medisinen noch better wurkje sille, mar hy tinkt foarearst noch net oan ophâlden.