Stichting Veiligheidszorg Smallingerland wol ophâlde

17 maaie 2017 - 14:15

De gemeente Smellingerlân wol ophâlde mei it reyntegraasjetrajekt foar tafersjochhâlders. It bestjoer fan de Stichting Veiligheidszorg Smallingerland (SVS) wol de stichting opheffe. Oanlieding is in ûndersyk dat oantoant dat it imago fan de gemeentlike hânhaveners ûnder druk stiet, om't minsken de meiwurkers fan SVS faak ferwikselje mei de eardere stedswachten.

It ferskaat oan uniformen en it feit dat meiwurkers fan SVS gjin spesjaal foech ha, laat ek ta misferstannen. Dêrneist kinne de tafersjochhâlders fan SVS net langer foldwaan oan de hegere easken dy't steld wurde oan hânhaveners.

Boppedat meie subsidiearre banen net yn it plak komme fan regulier wurk. Dêrtroch hat de stichting dy't ferantwurdlik is foar it reyntegraasjetrajekt syn besteansrjocht ferlern.

De gemeenteried fan Smellingerlân moat noch akkoart gean mei it opheffen fan de stichting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)