Lemster skoalle enerzjysunich

25 okt 2011 - 22:17

Basisskoalle de Tweespan op 'e Lemmer docht mei oan it projekt 'Wijs met Energie' en hopet sa de enerzjykosten werom te bringen. Dit projekt is in gearwurking fan bedriuw Grontmij en feriening Klimaatferbûn. Bern en learkrachten moatte troch dit projekt bewuster wurde fan harren enerzjyferbrûk. Bern krije in lespakket en leare troch opdrachten hoe't se enerzjy besparje kinne. De Tweespan nimt it op tsjin seis oare skoallen yn Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)