Frou botst op file by rydles fan heit

17 maaie 2017 - 13:36
Foto: ANP

In 18-jierrige jonge frou fan It Hearrenfean hat tiisdei op 'e Jouwer in ûngelok feroarsake wylst se rydles krige fan har heit. De frou seach in file op de Sewei te let en botste achterop de auto fan in 50-jierrige man út Zoutkamp. De man rekke ferwûne en moast nei it sikehûs. De heit en dochter binne oanhâlden. Tsjin beiden is in proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje botsing rydles
(Advertinsje)
(Advertinsje)