Dino's smite 234.000 euro op feiling op

17 maaie 2017 - 14:00

De 47 dinosaurussen fan ûndernimmer Peter Wassenaar fan Surhústerfean ha mei de online feiling 234.000 euro opbrocht. "Hjirmei bin ik wol út de kosten," seit Peter Wassenaar dy't bliid mei de opbringst is. "Kinst der wol in moaie auto foar keapje." Hy hannelet gewoanwei yn kranen, mar kocht dizze dino's op in sakebeurs yn Dútslân fan in Sineesk bedriuw. Se komme fan in Sineesk pretpark dat fallyt gien is.

Minsken koenen online biede op de bisten. "Om healwei achten hinne stie de teller noch op 80.000. Tsjin njoggenen soene de biedingen slute. Yn dat lêste skoft waard bot by inoar opbean en rûn it bedrach dus op nei 234.000 euro." De measte dinosaurussen sille nei pretparken yn Dútslân, België en Spanje. Partikulieren ha sa'n 15.000 euro oan dino's kocht. De T-rex fan acht meter brocht it meast op: hy wie mear as 10.000 euro wurdich. Mei elkoar wienen der 148 bieders en 17 keapers. "Sjoen dit sukses sil ik sjen oft it fallite park noch wat dino's hat, mooglik keapje ik dan noch wat en komt der nei de simmer wer in feiling."

(Advertinsje)
(Advertinsje)