Grutte oefening oaljebestriding yn septimber

17 maaie 2017 - 13:03

Under de namme Olie Alert Waddenzee hâldt Rykswettersteat yn septimber mei oare organisaasjes in grutte oefening oaljebestriding. Sintraal yn de oefening stiet de gearwurking tusken alle partijen dy't mei de oaljebestriding te krijen ha.

De oefening is op 4,5 en 6 septimber op meardere plakken op de Noardsee, Waadsee en op Skiermûntseach. Fanwege de status fan Unesco wrâlderfguod wol Rykswettersteat der alles oan dwaan om mooglike fersmoarging sa gau as mooglik, it leafst by de boarne, oan te pakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)