Lilipaly twifelgefal by Cambuur

17 maaie 2017 - 13:00

Foar de earste wedstriid yn de play-offs fan Cambuur, út tsjin MVV Maastricht, is Stefano Lilipaly noch in twifelgefal. Hy ûnderfynt hinder fan it ankel. Foar Achraf Akhamrane sit it seizoen der op. Hy skuorde ôfrûne wike op de training in krúsbân. Revalidaasje ferget minimaal 9 moanne. Djavan Anderson is yn ferbân mei tryste famylje-omstannichheden net mear by de seleksje. De rest fan de seleksje is fit.

Cambuur is favoryt tsjin MVV en neffens trainer Sipke Hulshoff rinne de Ljouwerters dêr ek net foar wei. Hulshoff woe noch net in opstelling bekend meitsje. De weromreis fan Maastricht nei Fryslân krijt foar de spilers in unyk karakter. Sy wurde drekt nei de wedstriid yn sân lúkse weinen werom riden nei hûs ta. Dat skeelt in protte tiid en dêrtroch kin it normale ritme yn de dagen dêrnei folge wurde. Allinnich de technyske stêf (fiif man) giet mei de bus werom.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)