Harksitting oer De Skieding op 31 maaie

17 maaie 2017 - 12:09
De Skieding by Surhústerfean - Foto: Google Maps

Provinsjale Steaten hâlde woansdei 31 maaie in harksitting oer de plannen om De Skieding te ferbreedzjen. Provinsjale Steaten wolle graach witte hoe't omwenners tinke oer de útfieringsfariant dy't de provinsje betocht hat. Provinsjale Steaten moatte op 21 juny in beslút nimme oer de plannen. De harksitting is bedoeld as tarieding op dy beslútfoarming. Omwenners kinne op 31 maaie fan 7 oere jûns ôf telâne yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. Op 7 juny sille de Steaten de plannen besprekke op de steatemerk yn it provinsjehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)