Proeven mei tylt fan mais op feangrûn

17 maaie 2017 - 12:06
Mais - Foto: EPA

Undersikers fan de Wageningen Universiteit en advysburo Aequator begjinne freed yn Aldeboarn mei proeven mei de tylt fan mais op feangrûn. De ûndersikers sykje nei it bêste tyltsysteem om it sakjen fan it meanfjild troch feanoksidaasje foar te kommen en de kwaliteit fan de boaiem te behâlden. Melkfeehâlders en leanbedriuwen út it feangreidegebiet wurkje oan de proeven mei.

It bysûndere karakter fan it feangreidegebiet wurdt bedrige troch boaiemdelgong en ûntwettering. De provinsje, Wetterskip Fryslân, gemeenten en belangeklups ha plannen makke om dêr wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
mais feangrûn boaiemdelgong
(Advertinsje)
(Advertinsje)