Fryslân wer de bêste fytsprovinsje fan Nederlân

17 maaie 2017 - 11:02
Foto: Omrop Fryslân

Fryslân is opnij útroppen ta de bêste fytsprovinsje fan Nederlân. Yn de Kwaliteitsmonitor Fietsregio's 2017 hat Fryslân de maksimale skoare helle foar de kwaliteit fan it fytsknooppuntnetwurk. Yn 2015 waard Fryslân ek al útroppen ta bêste fytsprovinsje.

It is in moaie opstekker foar Rekreaasjeskip Marrekrite, dy't it behear fan de fytsrûtes yn 2012 oernaam. Neist it ûnderhâld fan de fytspaden hat Marrekrite in soad oandacht foar ferbetteringen en útwreiding fan it netwurk. De kommende jierren wurdt wurke oan in fierdere ferbettering, werfoar de hjoeddeistige fiif dielregio's omfoarme wurde ta ien Fytsnetwurk Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)