Nije aula en restaurearre opbierhúske Surhústerfean

17 maaie 2017 - 10:48

Surhústerfean krijt in nije aula yn gebou De Bining, neist de doarpstsjerke oan de Dimpte Feart. De aula fan begraffenisferiening Memento Mori komt yn de eardere tsjerkeriedskeamer fan De Bining.

Dêrneist sil de feriening it opbierhúske op it begraafplak oan de Fjouwerhústerwei restaurearje. It opbierhúske wurdt net allinnich opknapt, mar krijt ek in lyts keukentsje mei in wc. It oarspronklike ûntwerp fan it húske mei de twa grutte doarren oan de foarkant komt werom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)