Follybalster Marrit Jasper yn nasjonale seleksje

Follybalster Marrit Jasper fan Snits is troch bûnscoach Jamie Morrisson foar it earst oproppen foar de nasjonale seleksje. Jasper spilet no by it Dútske VfB Suhl en is dêr alle wiken in belangrike faktor yn har posysje as passer. Foar it nasjonale team stean trije grutte eveneminten op it programma. Nei de kwalifikaasjewedstriden foar it wrâldkampioenskip folgje de World Grand Pix en it Europeesk kampioenskip.