VV Bûtenpost wint earste wedstriid yn neikompetysje

16 maaie 2017 - 21:54
Fuotbal - Foto: Omrop Fryslân

VV Bûtenpost hat tiisdeitejûn de earste wedstriid yn de neikompetysje om in plak yn de haadklasse mei 3-2 wûn fan Oude Maas yn Poortugaal. Yn de earste helte wiene der foar beide ploegen wol wat kânsen, mar foelen der gjin goals. Nei in kertier yn de twadde helte kaam Bûtenpost op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Rudmer Loonstra. Tsien minuten letter waard it 2-0 troch in goal fan ynfaller Simon Schreiber.

Oude Maas kaam werom troch in goal Darragh Zondervan. It ferskil waard wer twa goals troch in goal fan Joop Pijnacker. Oude Maas liet de kop net hingje en makke der in pear minuten letter noch 2-3 fan.

Kommende sneon krijt Bûtenpost de amateurs fan Feyenoord op besite en nije wike tiisdei komt Zuidvogels noch op besite. Zuidvogels wûn syn earste wedstriid yn de neikompetysje fan Feyenoord. Wa't nei dizze trije wedstriden de bêste is, moat noch twa beslissingswedstriden spylje tsjin de winner fan de oare pûl. Ynset is in plak yn de haadklasse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)