Undersyk nei mooglikheid steande golf by Ofslútdyk

Kajakker Albert Jan Zijlstra fan Harns wol ûndersykje oft it mooglik is om in steande golf oan te lizzen by de Ofslútdyk. Yn sa'n steande golf kinne kajakkers en wyldwettersurfers harren hielendal útlibje. In steande golf ûntstiet as der in drompel oanlein wurdt, dêr't it ôfgeande wetter oerhinne slacht. De lokaasje dy't Zijlstra op it each hat, is de buis dy't troch de Ofslútdyk hinnegiet om de fiskmigraasjerivier mooglik te meitsjen. Der is no jild beskikber steld foar it ûndersyk. Dêr wurde alle partijen by belutsen.