B en W karre oanfraach nijbou skoalle Stynsgea ôf

Der is neat mei de lokaasje, fine B en W © Google Streetview
De basisskoalle De Twa-ikker fan Stynsgea liket gjin nij ûnderkommen te krijen. Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen hawwe in oanfraach fan koepelorganisaasje Noventa foar in nij gebou ôfwiisd. It kolleezje wol dat it besteande gebou renoveare en oanpast wurdt. Dan kin it neffens harren wer tweintich jier mei.
It kolleezje fynt it gebou grut genôch en der is ek neat mis mei de lokaasje. Se fine dat nijbou in mooglik kombinaasje mei oare skoallen yn Surhuzum en Stynsgea op slot set. De gemeenteried praat mids juny oer it foarstel.