Leden fuotbalklups Burgum moatte frijwilligerswurk dwaan

16 maaie 2017 - 20:49

Leden fan fuotbalferienings VV Burgum en BCV yn Burgum moatte, as it oan de bestjoeren fan de klups leit, tenei ferplichte oan de slach as frijwilliger. It is neffens de bestjoeren de iennige mooglikheid omdat it tal frijwilligers bot ôfnaam is. De groep frijwilligers dy't oerbliuwt, is boppedat bot oan it fergriizjen en de druk op harren nimt ta.

Der is benammen ferlet fan minsken dy't de klaaihokken skjinmeitsje en dy't kantinetsjinsten draaie. Wa't net as frijwilliger oan de slach wol, kin rekkenje op skorsing fan in tal wedstriden. Kommende moandei prate beide ferienings mei harren leden oer it ferplichte frijwilligerswurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)