Twa moannen finzenisstraf foar fergripen oan famke (16)

16 maaie 2017 - 18:10
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 35-jierrige man út Frjentsjer moat twa moanne de sel yn, omdat er him fergrepen hat oan in famke fan 16, dat by him yn it restaurant wurke. Begjin 2015 hat de man stien te tútsjen mei it famke en ek liet er syn geslachtsdiel sjen. Hy moat it famke in skeafergoeding fan tûzen euro betelje.

De man hat noch net earder yn oanrekking west mei plysje en justysje, mar de rjochtbank fûn in finzenisstraf dochs needsaaklik.

Trefwurden: 
Frjentsjer rjochtsaak
(Advertinsje)
(Advertinsje)