FIDEO: Boer Jukema wol it oars dwaan as syn foarâlden

16 maaie 2017 - 17:27

Bouboer Gerrit Jukema fan Easterbierrrum docht it oars as syn heit en pake. "As wy sa trochgean, komt it net goed."Jukema fynt dat de grûn tefolle op de bealich kriget. Op in kursus boaiembiology kaam er derachter dat de grûn te swier belêste is. "Wy moatte ynsette op de grûnferbettering." Jukema hat de biten en de sipels derútsmiten. Hy ferbout no, njonken ierappels, ek luzerne. Dat is in mearjierrich gewaaks dat foar feefoer brûkt wurdt.

It portret fan boer Jukema is it fierde en lêste yn de rige fan dizze wike oer boeren. Dizze simmer is it stik Kening fan de Greide fan Pier 21 op ferskate Fryske buorkerijen te sjen. It stik giet oer in boerefamylje dy't in soad meimakket. Doel is om in debat op gong te bringen oer de rol fan de boer yn tiden fan feroaring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)