Deputearren freegje polityk Den Haag omtinken foar de regio

16 maaie 2017 - 17:08

De noardlike provinsjes reizgje tiisdeitejûn ôf nei Den Haag. Se freegje dêr by de 150 leden fan de Twadde Keamer en by amtners omtinken foar saken dy't yn Noard-Nederlân spylje. It giet dan om it oanpakken fan de Ofslútdyk, fosfaatproblemen yn de lânbou en de finansiering fan wetterynstitút Wetsus. Dat dogge de noardlike politisy mei in presintaasje, mei iten en mei ien-op-ien-petearen. Foar Fryslân binne alle deputearren oanwêzich. In ôffurdiging fan it bedriuwslibben giet ek mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)