Motorrider slim ferwûne by ûngelok yn Noardwâlde

In motorrider rekke slim ferwûne by in ûngelok yn Noardwâlde © De Vries Media
By in ûngelok op de Elswei yn Noardwâlde is tiisdeitemiddei in motorrider slim ferwûne rekke. It slachtoffer is fol yn de sydkant fan in taksybuske riden. De motorrider is nei it sikehûs yn Zwolle brocht. De sjauffeur fan it taksybuske rekke licht ferwûne. Hoe't it ûngelok gebeure koe, is noch net dúdlik.