Finzenisstraffen foar rige ynbraken
Twa manlju dy't ferline jier simmer faak ynbrutsen ha, binne feroardiele ta twa en trije jier finzenisstraf. De twa wiene ûnder oare aktyf yn Burgum, Readtsjerk, Jelsum en Aldegea, dêr't se ynbrutsen yn wenhûzen. Se wiene ek bûten Fryslân op in rôverspaad. De rjochtbank yn Ljouwert rekkene it de twa bot oan dat se in soad skea feroarsaken as se ynbrutsen.
De iene fertochte is in 21-jierrige man út Almere. Hy krige trije jier sel. Syn maat is like âld en hat gjin fêst wen- of ferbliuwsplak. Hy krige twa jier sel.