Man feroardiele foar stekpartij, mar hoecht net de sel yn

Justysje © ANP XTRA
De man út Wolvegea dy't yn novimber yn in twaddehânsk winkel yn Drachten in oare man yn de earm stutsen hat, hoecht net de finzenis yn. De rjochter joech him tiisdei likefolle dagen sel as dat er yn foararrest sitten hat. De offisier fan justysje easke twa wiken lyn noch in goed jier sel fanwege besykjen ta deaslach. De rjochter fynt dat der sprake is fan mishanneling.
De man hie spul krigen mei it slachtoffer. Yn de fjochterij dy't ûntstie, stuts er de man. De fertochte moat fan de rjochter behannele wurde fanwege syn agresje. En hy moat it slachtoffer hast 900 euro skeafergoeding betelje.