Rabobank wol pinautomaat yn kiosk bûten stêd en doarp

16 maaie 2017 - 15:26

De plofkreak by in jildautomaat op De Lemmer twingt de Rabobank om maatregels te nimmen. Kriminelen nimme hieltyd mear risiko's en dêrom wol de bank de pinautomaten safolle mooglik út de bewenne wrâld helje en ferpleatse. De jildautomaten krije dan plak yn saneamde pinkiosken bûten in doarp of stêd.

De Rabobank wol de pinautomaat yn Makkum ek ferpleatse nei in oare feilige lokaasje. In mooglike lokaasje is by de âlde haven.

Trefwurden: 
Rabobank De Lemmer jild pinne
(Advertinsje)
(Advertinsje)