FIDEO: Is poppe Jinte de held fan de takomst?

Jinte Stellingwerff is noch mar krekt berne, mar miskien wol de held fan de takomst. Sy docht nammentlik tegearre mei har mem Eefje, dy't ek ferloskundige is, mei oan it ûndersyk Lifelines Next. Ek as de lytse poppe berne is, wurde mem en bern noch folge. De hoop is dat de resultaten fan it ûndersyk yn de takomst helpe kinne by it foarkommen fan sykten.