Tekoart oan opfangadressen foar kânsearme bern

De organisaasje Europa Kinderhulp hat noch altiten in tekoart oan minsken dy't fan 't simmer in pear wike kânsearme bern opfange wolle. It giet om bern út Nederlân, Frankryk, Dútslân en België dy't it thús dreech ha en der oars nea ris even út kinne. Europa Kinderhulp hellet dizze bern nei Fryslân, dêr't se in pear wiken by in gesin útfanhûs kinne.
Earder dit jier like it goed te gean mei de oanmeldingen fan pleechgesinnen, mar minsken heakje dochs wer ôf. De organisaasje docht dêrom no wer in oprop foar útfanhûs-adressen.