Doutzen Kroes is rykste jonge frou fan Nederlân

16 maaie 2017 - 14:42
Foto: Hunkemöller

Doutzen Kroes is de rykste jonge frou fan Nederlân, neffens tydskrift Quote. Dy hat de rykste hûndert jonge miljonêrs op in rychje set. Yn de top hûndert stean fjouwer froulju en dêr is Doutzen de rykste fan. Har fermogen wurdt rûsd op 24 miljoen euro.

De hûndert rykste jonge miljonêrs ha mei elkoar in fermogen fan dik twa miljard euro. Dat is hast twa kear safolle as yn de foarrige top hûndert fan Quote.

Trefwurden: 
Doutzen Kroes Quote
(Advertinsje)
(Advertinsje)