Dijkstra Draisma twa jier langer haadsponsor SC Cambuur
SC Cambuur hat it kontrakt mei haadsponsor Bouwgroep Dijkstra Draisma mei twa seizoenen ferlinge. It boubedriuw mei fêstigings yn Boalsert en Dokkum is sûnt it seizoen 2010/2011 haadsponsor fan de Ljouwerter fuotbalklup. By Cambuur binne se bliid mei de ''trouwe'' haadsponsor.