Nije oerdekte grientetún Frjentsjer is klear

16 maaie 2017 - 14:15

MindUp yn Frjentsjer hat in nije oerdekte kas: de Eco Farm mei biologyske grientetún. It giet om in projekt fan MindUp, ûnderdiel fan GGZ Friesland. MindUp woe graach in kas hawwe sadat der folle mear ferskillende krûden en griente ferboud wurde koe.

By Eco Farm wurkje minsken mei in psychyske beheining. Alle krûden en griente binne biologysk. Se wurde brûkt troch twa restaurants fan de GGZ Friesland. Woansdei is der in feestlike iepening fan de nije kas. Dy is 800 kante meter grut en hat 360.000 euro koste. Fan de provinsje hat de Eco Farm 50.000 euro subsydzje krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)