Rabobank Ljouwert ûntromme nei dakwurksumheden

16 maaie 2017 - 13:58
Foto: CAMJO Media

De Rabobank oan it Beursplein yn Ljouwert is tiisdeitemiddei diels ûntromme, neidat der op de fyfde ferdjipping reek sjoen wie. Letter die bliken dat de reek ôfkomstich wie fan wurk oan it dak. It personiel koe dêrop wer oan it wurk. Fanwege de melding ried de brânwacht mei meardere auto's út.

Septimber ferline jier waard it gebou ek ûntromme. Doe krigen meiwurkers klachten by wurk oan de airco. Uteinlik moasten tsien minsken har behannelje litte, diels ek yn it sikehûs.

Trefwurden: 
brân Rabobank Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)