Plysje jout bylden frij fan wapene oerfal Aldskoat

De snackbar nei de oerfal © Jaring Rispens
De plysje Hearrenfean hat befeiligingsbylden frijjûn fan de wapene oerfal op in snackbar yn Aldskoat. De snackbar waard 3 maaie lêstlyn oerfallen troch in tinte jongeman fan tusken de 16 en 20 jier. Hy bedrige de snackbareigener mei in mes en besocht de eigener te stekken doe't dizze himsels ferdigene mei it lit fan de fritueroven. De fertochte naaide út doe't it him net slagge jild te rôvjen.
Hy is noch net pakt en mei it fersprieden fan de bylden hopet de plysje de fertochte op it spoar te kommen.