Vluchtelingenwerk hat it drok mei gesinshereniging

16 maaie 2017 - 13:32

Vluchtelingenwerk yn it Noarden hat ferlet fan nije frijwilligers. Se wurde ynset by de begelieding fan flechtlingen dy't har famyljeleden oerkomme litte wolle út har heitelân. In oanfraach dêrfoar kin dien wurde as flechtlingen in ferbliuwsfergunning krigen hawwe.

Frijwilligers fan Vluchtelingenwerk helpe by it dwaan fan de oanfraach, mar stypje ek as it antwurd op him wachtsje lit. Op dit stuit hat Vluchtelingenwerk it smoardrok mei de begelieding fan oanfragen foar it wer byinoar bringen fan it gesin (gesinshereniging). Dat komt omdat der de ôfrûne jierren in soad ferbliuwsfergunningen ferliend binne. Potinsjele frijwilligers kinne har melde fia de webside fan de organisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)