Stellingwerf fan PAL GrienLinks foardroegen as listlûker

16 maaie 2017 - 13:01
Evert Stellingwerf - Foto: PAL GrienLinks

Fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf fan PAL GrienLinks yn Ljouwert wurdt foardroegen as listlûker foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen op 22 novimber. Dat docht bliken út de konsept-kandidatelist fan de kandidatekommisje fan de partij. Dy wurdt 17 juny definityf fêststeld. De sittende riedsleden Piet van der Wal en Elizabeth Hietkamp binne net beskikber foar in plak yn de nije gemeenteried. Ek wethâlder Jan Atze Nicolaï is net bekskikber foar in riedssit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)