Bus mei pakketten yn 'e sleat by Winsum

16 maaie 2017 - 09:55
Foto: Kappers Media

In buske fol pakketten is tiisdeitemoarn op de N359 by Winsum fan de dyk rekke en yn in sleat bedarre. De pakketten ha safolle skea oprûn, dat se net mear besoarge wurde kinne. It bestelbuske rekke njonken de dyk yn de rjochter berm. Nei in stjoerkorreksje rekke de bus yn 'e slip en kaam op de oare kant fan 'e dyk op 'e kant yn 'e sleat. De sjauffeur út Drinte koe sels út 'e kabine klimme. Hy is troch ambulânsemeiwurkers neisjoen. In berger hat it buske út 'e sleat lutsen en fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok Winsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)