Blokker slút hûndert winkels

16 maaie 2017 - 09:53

Winkelketen Blokker slút kommend jier sa'n 100 filialen. By susterbedriuw Marskramer, dat fierder giet as franchiseformule, slute ek sa'n 100 winkels de doarren. Bymekoar ferdwine der sa'n 1.900 banen by de winkelketens en memmebedriuw Blokker Holding. Dy ferkeapet dêrneist de ketens Intertoys, Maxi Toys, Xenos, Big Bazar en Leen Bakker om him hielendal rjochtsje te kinnen op de Blokker.

Topman Casper Meijer neamt de maatregels yngripend mar needsaaklik. Hokker Fryske fêstigings troffen wurde, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Blokker
(advertinsje)
(advertinsje)