Boargemaster E'werf werbeneamd

25 okt 2011 - 20:57
Foto: Omrop Fryslân

Harry Oosterman is werbeneamd as boargemeaster fan de gemeente Eaststellingwerf. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma beneamde Oosterman foar nochris seis jier yn in spesjale gearkomste op it gemeentehûs fan Easterwâlde.

Foar syn boargemastersbeneaming wie Oosterman steatelid en riedslid yn de gemeente Littenseradiel foar it CDA. Yn 2005 folge er Hans Lesterhuis op, dy't mei pensjoen gie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)