Kollum: "In heal stjoer om op te fretten"

"It begûn mei krekt wat te let fan ’t bêd kommen. Dêrtroch sit it jin fuortendrekt achter. De hûn hat dêr lykwols gjin boadskip oan. Dy wol der allinne mar út, oan alle gerssprútsjes, lampepeallen en hagen rûke, 35 slaggen yn ’e rûnte draaie foar’t er einlings in blokhut begjint te bouwen.
Yn de auto nei it wurk rekket men achter in trekker mei sokke brede bannen dat se dêr nije bermen foar útfine moatte, en dêr’t men dus fjouwer lange kilometers achteroan hobbelet. De helte fan it stjoer is al opfretten foar’t de wurkdei begjint, woe ’k mar sizze. Dat wat folget binne fergaderingen dy’t mar troch slepe, kollega’s dy’t in healoere prate sûnder in punt te meitsjen, in lange rigele foar de kassa yn de supermerk, en by thúskomst in mail dêr’t yn stiet dat it noch fjirtjin dagen duorret foar’t it pakje fan AliExpress besoarge wurdt…
Geduld is in begearlike deugd, neffens filosofen en religys. Mar wêrom is it sa frekte dreech om geduldich te wêzen? Wêrom hat men reade plakken yn de nekke as men tsjin in telefoanysk keuzemenu oanrint (en der noch fiif wachtsjenden foar jo binne), as it plakken fan de achterste fytsbân net flot slagget, as de trein in kertier fertraging hat? Dat komt mei omdat wy drokker wurden binne, seit Catrin Finkenauer fan de universiteit fan Utrecht. Sy docht ûndersyk nei selskontrôle, in wichtige komponint fan geduld. It hat derfan dat wy troch dat drokker-wêzen mear muoite mei frustraasjes ha.
Mar ús hightechmaatskippij hat ek in grutte ynfloed. Ungeduld blykt ta te nimmen mei de groei fan technyske ynnovaasje. Dat feroaret ús ferwachtings oer hoe fluch as eat moat. Yn in weareld fan apps, twitter en facetime binne wy wend rekke oan direkte befrediging en beleanning. Even swipe foar in nije date, yn fiif tellen in film downloade en mei ien druk op de knop in waarm miel thúsbesoargje litte. It minne nijs is dat wy dêr dus ûngeduldiger fan wurde. It goeie nijs is dat wy geduld en selskontrôle oefenje kinne. Selskontrôle hat in protte te krijen mei kriich, seit Finkenauer, en kriich, wilskracht, is te trenen, krekt as in spier.
Dat is slim de muoite wurdich, want geduldige minsken binne it gelokkichst. Se ha minder lêst fan depressive en negative gefoelens, binne sûner en minder iensum. Boppedat stelt geduld ús by steat om ambysjes te realisearjen. De Frânske skriuwer Gustave Flaubert is dêr in foarbyld fan. Hy hie net allinne fiif jier oan syn meast bekende boek wurke, Madame Bovary, mar ek in grut tal haadstikken dêrfan oant wol sân kear ta folslein werskreaun, in monnikewurk. Geduldich wêze hat dus allinne mar foardielen.
Dy konklúzje knoopje ik my goed yn de earen. Want by eintsjebeslút is it hiele libben ien grutte oefening yn geduld, omdat it grutste part dêrfan neat bart. Krekt sa’t in demokrasy ien grutte oefening yn geduld is. Der is dus oefenmateriaal genôch. Dêr sil ik oan tinke as ik yn in lange rigele foar de kassa stean, of achter in auto reitsje dy’t 60 rydt dêr’tst 80 meist. En as dat even net slagget, ha ik altyd noch in heal stjoer om op te fretten."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.