Bestjoerskundige Schaap: "Noch kânsen foar deselde koälysje"

16 maaie 2017 - 08:20

VVD, CDA, GrienLinks en D66 binne der mei-inoar net útkaam, mar it kin samar wêze dat se it oer in pear wiken wer mei-inoar besykje sille. Safolle oare opsjes binne der net. Dat seit de âld-Jouster Linze Schaap. Hy is universitêr haaddosint bestjoerskunde oan de universiteit fan Tilburg. Moandeitejûn makke ynformateur Edith Schippers bekend dat de formaasje net slagge wie. De fjouwer partijen wiene sûnt 29 maart yn petear. De migraasje soe benammen de stroffelstien west ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)