Oerfal mei bedriging yn Ljouwert

© Kappers Media
De 26-jierrige bewenner fan in hûs oan it Noordvliet yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei bedrige by in wapene oerfal op syn hûs. De trije dieders kamen it hûs yn en bedrigen de bewenner mei in pistoal. Nei't se syn hûs hielendal trochsocht hiene, naaiden se rinnendewei út. It is net dúdlik as der ek wat bút makke is. De bewenner is sa't it no liket net ferwûne rekke. De man is heard troch de plysje. Dy ûndersiket de saak.