UPDATE: Ravaazje nei plofkreak op De Lemmer

16 maaie 2017 - 06:03

By in plofkreak op de pinautomaat fan de Rabobank yn de Poiesz-supermerk op it Verlaet op De Lemmer is tiisdeitemoarn betiid in ravaazje ûntstien. De dieders ha de automaat nei alle gedachten opblaasd troch der gas ynrinne te litten. Troch de hurde klap is de gevel folslein fernield. De dieders naaiden nei de plofkreak op in scooter út. De Rabobank wit hoefolle jild der bút makke is, mar wol net sizze hoefolle.

Eksplosiven

De EOD (Explosieven Opruimingsdienst Defensie) hat it gebou ûndersocht om te sjen as der mooglik mear eksplosiven wiene, mar hat neat fûn. De plysje is no dwaande mei fierder ûndersyk en kin noch net sizze as de dieders ek jild bút makke ha. De omkriten fan de supermerk bliuwe earst ôfsletten.

Supermerk

Meiwurkers fan de supermerk binne drok oan it opromjen. De direksje hopet dat de supermerk hjoed wer iepen kin. De bern fan basisskoalle De Arke yn de buert fan de supermerk kinne wol gewoan nei skoalle. Se moasten allinne fia de achteryngong de skoalle yn.

Neffens de Rabobank komt de pinautomaat net werom yn de supermerk.

Trefwurden: 
plofkreak De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)