Hûnepups wurde oplaat ta helphûn

It falt soms net ta om ôfskied te nimmen, mar it is prachtich wurk mei in goed doel. Dat fynt de famylje Roskam út Boalsert. Sy binne frijwilliger by KNGF Geleidehonden. De frijwilligers krije in pup yn 'e hûs dy't by harren mei help fan it KNGF oplaat wurdt ta helphûn. As de hûn nei ien oant twa jier klear is, wurdt er wer ophelle om ynset te wurden by minsken dy't in helphûn nedich hawwe.
It KNGF jout elk jier in pear hûndert helphûnen oan minsken dy't dêr baat by hawwe, lykas blinen, minsken mei in rolstoel en minsken mei autisme. Der binne dus ek hûnderten frijwilligers nedich om de hûnen op te lieden. Nije frijwilligers kinne harren by it KNGF oanmelde.