Nij ûndersyk Lifelines folget froulju yn ferwachting

15 maaie 2017 - 21:27

Sykten foarkomme. Dat is it wichtichste doel fan Lifeline Next, in nij ûnderdiel fan it Lifelines-ûndersyk. Sa'n 1.500 froulju dy't yn ferwachting binne, dogge dêroan mei. Sy wurde ûnder de swangerskip ûndersocht, en de bern ek. It ûndersyk rint troch oant in jier nei de berte. Undersikers hoopje sa mear te witten te kommen oer it effekt op de sûnens fan saken dy't yn de swangerskip in rol spylje, lykas de wize fan libjen, erflike oanlis en omjouwing. De ûndersikers hoopje dat se oer in jier of trije mei de earste resultaten oan de slach kinne.

Lifelines is in grutskalich en langrinnend ûndersyk ûnder de Nederlânske befolking om mear te witten te kommen oer it ûntstean fan groanyske sykten. It doel is om sykten foar te kommen en om bettere behannelingen te ûntwikkeljen.

(advertinsje)
(advertinsje)