Ljouwerter (17) rydt mei trije jonges yn de kofferbak

15 maaie 2017 - 19:55
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

De plysje hat sneintenacht in 17-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't sûnder rydbewiis troch de stêd ried. Net allinne hie de jonge gjin papierke, der sieten ek nochris trije jonges yn de achterbak fan de auto. De bestjoerder krige by De Fennen in stopteken, om't plysjes seagen dat de kofferbak op frjemde wize iepen- en tichtgie.

It die bliken dat der trije jonges yn de kofferbak sieten. De 17-jierrige krige dêr in boete foar, en ek foar it feit dat er sûnder rydbewiis yn de auto ried.

(advertinsje)
(advertinsje)