Fraksje D66 makket him soargen oer cyberoanfallen

15 maaie 2017 - 18:52
Hacker - Foto: Omrop Fryslân

De provinsjale fraksje fan D66 makket him soargen oer de wrâldwide oanfallen op kompjûtersystemen. De partij wol foarkomme dat wichtige bestjoeringssystemen fan bygelyks brêgen en slûzen troffen wurde troch online ynbrekkers. Steatelid Mark de Roo wol fan it provinsjebestjoer witte oft der de ôfrûne jierren ek oanfallen west hawwe op Fryske kompjûternetwurken, hoe't it stiet mei de befeiliging dêrfan en oft der ek ekstra maatregels troffen binne nei oanlieding fan de resinte kompjûterhacks.

Dit wykein waarden kompjûters oer de hiele wrâld troffen troch saneamde 'ransomware'. Dat is in firus dat op ôfstân kompjûters oernimt. Minsken kinne dan net mear by de bestannen komme, útsein as se jild oermeitsje oan de kriminelen. D66 makket him dêr soargen oer, omdat kompjûtersystemen fan de oerheid de ôfrûne jierren lang net altyd feilich wienen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)