Spaansk opspoaringsbefel tsjin diere-aktivist Peter Janssen

Diere-aktivist Peter Janssen út Stiens wurdt oppakt as er yn Spanje komt. Dat lân hat in opspoaringsbefel tsjin him útjûn. Dat skriuwt de NRC. Janssen stiet bekend as de Vegan Streaker. Hy striidt ûnder oare tsjin de bollefjochterij yn Spanje. Hy springt dan de arena yn om de gefjochten te fersteuren.
Janssen soe fan doel wêze om himsels meikoarten te melden by de plysje yn Madrid.