Deade fisken fûn by gemaal njonken de Snitser Mar

15 maaie 2017 - 15:54
Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

By it J.S. Gerbrandy-gemaal by de Snitser Mar binne moandei ferskate deade fisken oantroffen. De ûngefear fyftjin deade fisken leinen oan de kant fan de Snitser Mar. In foarbygonger trof de fisken oan by it wetter en warskôge de plysje.

De oarsaak fan de stjerte is neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat net dúdlik. Der wurdt fierder gjin ûndersyk dien nei de deade fisken, om't it yn dizze tiid fan it jier by it kûtsjitten wolris faker bart dat fisk deagiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)