6.000 banen troch ynvestearrings fan de NOM

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Al it jild dat de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij yn de ekonomy stutsen hat, hat ferline jier goed 6.000 banen opsmiten. Dat is wurk dat der by kaam is of dat beholden wurde koe. De NOM hat dizze groei behelje kinnen troch te ynvestearjen yn groei en ynnovaasje en troch nije bedriuwen oan te lûken.
De NOM hat ferline jier 14,5 miljoen euro winst makke. Dêrmei kin de ûntwikkelingsmaatskippij ynvestearjen bliuwe yn de noardlike ekonomy. De NOM jout jild oan nije en besteande bedriuwen.