Alle war dwaan om learlingen slagje te litten

15 maaie 2017 - 15:20
(stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

Sân gemeenten yn it easten fan de provinsje sette har de kommende jierren mei de skoallen ekstra yn om learlingen in skoaldiploma te besoargjen. Se wolle se dêrnei ek helpe om oan it wurk te kommen of op in oar plak dat by har past. Sa komme der projekten dy't learlingen dy't it dreech ha te stypjen, sadat se dochs slagje.

Dêrnei krije de bern stipe by de oerstap fan skoalle nei ferfolchûnderwiis of wurk. Learlingen dy't wol sûnder diploma fan skoalle gien binne, wurde ek begelaat. Mei har wurdt sjoen nei wat der allegear noch foar har mooglik is.

Trefwurden: 
diploma learlingen ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)