FIDEO: Twalûk oer deadlik ûngelok Jirnsum

15 maaie 2017 - 16:01

It is krekt in jier lyn dat de 14-jierrige Jildau Lageweg út Aldehaske by in auto-ûngelok by Jirnsum om it libben kaam. Har dea makke in soad los, mei troch de rjochtsaak tsjin de doe 18-jierrige bestjoerder. Yn it Omropprogramma Teken fan libbben stiet dit ferhaal yn in twalûk sintraal. De famylje docht dêryn foar it earst har ferhaal.

“It wie sa abrupt, dat is gewoan net te begripen.” Jolanda de Jong is iepenhertich as it giet oer it omkommen fan har dochter Jildau. It ûngelok hat in soad impact hân. “It giet noch hieltyd mei fallen en opstean, mar ik bin echt hiel grutsk op ús gesin en hoe’t wy it mei-inoar dien hawwe. De bern binne feroare, sy binne folle banger wurden. Sy tinke mear nei oer alles en it ûnbesoarge is der ôf. Dêr wolst se foar behoedzje, mar dat hat net kind.”

Neist dat it in drama foar de húshâlding wie, makke it ûngelok ek in soad los yn Jirnsum en de media troch de rjochtsaak tsjin de jonge bestjoerder. De oare ynsittenden rekken swier ferwûne.

Teken fan libben is moandei 15 en moandei 22 maaie te sjen fan 18.45 oere ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)